Plysje hâldt whiskydief oan yn Ljouwert

© ANP
De plysje yn Ljouwert hat woansdei in man oanhâlden op de Wurdumerdyk. De fertochte hie earder mei in oar in tal djoere flessen whisky stellen út in sliterij oan de Foarstreek. Neffens de sliter hie it duo earder ek al whisky stellen út in saak op It Hearrenfean. De twadde fertochte is net fûn.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de fertochte, in 35-jierrige man sûnder fêst wenplak, mei syn maat ek whisky stellen hie yn Meppel. De plysje ûndersiket oft der mear stellerij west hat dy't liede nei de fertochte.