Cambuur ferliest mei 3-1 fan AZ yn Alkmaar

Cambuur hat woansdei yn Alkmaar mei 3-1 ferlern fan AZ. De earste oanfal wie fuort raak, de thúsploech kaam al nei twa minuten op foarsprong. Yn de 13e minút wie it alwer raak foar AZ en nei 20 minuten stie de 3-0 al op it skoareboerd. Flak foar de tee slagge it Martijn Barto hast om in tsjingoal te meitsjen. Dat slagge him wol yn de 72e minút mei in skot yn de krusing.
It is de earste wedstriid fan de Ljouwerters sûnder Ogbeche dy't nei Willem II gien is. Hy wie mei njoggen doelpunten dit seizoen topskoarder fan Cambuur.