Toksikolooch hat noed oer útstjit ôffaloven Harns

27 jan 2016 - 18:23

It kin samar wer barre dat de ôffaloven yn Harns tefolle dioksine útstjit. Dat seit toksikolooch Abel Arkenbout fan de begeliedingsgroep dy't de gemeente en provinsje advisearret oer de REC. Dioksine wurdt pas ferneatige by in temperatuer fan mear as 850 graden.

Deputearre Michiel Schrier seit dat hy de temperatuergegevens sjoen hat, en dat dy goed binne. Arkenbout skrok doe't er dat hearde. Hy freget al in skoft om dy gegevens, mar hat se oant no ta net krigen.

Arkenbout makket him grutte soargen. "Mijn hypothese is dat de temperatuur onvoldoende is om de dioxine te vernietigen." Neffens Omrin brânt de oven wol op de goede temperatuer.

Direkteur John Vernooij fan Omrin lit wite dat hy de gegevens net oan tredden ôfstean wol, sa lang't de saak noch ûnder de rjochter is.

Neffens Arkenbout stiet noch hielendal net fêst dat der gjin gefaar foar de folkssûnens west hat, sa't de provinsje earder sein hat. Dioksine is ekstreem gefaarlik, seit de toksikolooch.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)