Doarpe-koördinatoaren foldogge goed yn De Fryske Marren

27 jan 2016 - 17:29

De gemeente De Fryske Marren wol fierder gean mei doarpe-koördinatoaren. Trije jier lyn hat de gemeente dizze minsken oansteld, dy't de ynwenners fan de doarpen mear belûke moatte by de polityk. Dat befalt goed. De gemeente wol no graach in jierlikse moetingsdei organisearje foar de koördinatoaren. Sa kinne se mekoar kennen leare, en inisjativen útwikselje.

De gemeente nimt in foarbyld oan de 'Groninger Plattelandsdag' en de krimpkafee-byienkomsten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)