Vlootdag yn Harns fiert 25-jierrich jubileum

Brune float © ANP
It 25-jierrich bestean fan de 'Vlootdag' yn Harns op sneon 9 april wurdt grut fierd. Op dizze dei wurdt it seizoen fan de brune float feestlik iepene. Yn de haven lizze de tradisjonele skippen fan de brune float en binne der tal fan aktiviteiten, lykas meifarre mei in skip. By de Suderhaven is in nautyske merk en binne der demonstraasjes fan âlde ambachten.