Ynterieur keet Steatsboskbehear oan barrels slein

Yn de keet is alles fernield © Twitter, Roel Vriesema
In keet fan Steatsboskbehear yn it Wynjeterper Skar is folslein fernield. Binnendoar is alles oan barrels slein, seit boskwachter Roel Vriesema. Kastjes, stuollen, ferwaarming en ruten, alles is stikken. Sels de slotten binne sloopt.
De keet wurdt brûkt troch frijwilligers fan de natoerbehearder. Vriesema begrypt neat fan de fernielerij. De keet stiet middenyn it natoergebiet en fier fan de dyk. Der binne ek gjin spoaren dat der bygelyks jongeren west hawwe om in pilske te drinken. De keet hat foar tûzenen euro's oan skea oprûn.
De fernielerij is nei it ôfrûne wykein ûntdutsen. Steatsboskbehear hat oanjefte dien by de plysje.