Niels Mesu wint alternative Alvestêdetocht op Weissensee
Niels Mesu hat de alternative Alvestêdetocht op de Eastenrykse Weissensee wûn. Mesu, dy't oarspronklik út Seelân komt mar no yn Tsjalbert wennet, kaam allinnich oer de einstreek. Hy waard folge troch Bart Mol en Gary Hekman. Ferline jier wie it de broer fan Niels Mesu, Erwin, dy't de alternative Alvestêdetocht wûn. Dit jier waard hy 13e.
By de froulju gong de winst nei Birgit Witte. Witte fersloech Daniëlle Lissenberg-Bekkering en Boalserter Aggie Walsma yn de einsprint.