Muontsen meitsje kennis mei skoalbern fan Skier

Alberic en Paulus yn de klasse © Simon van der Zee
Twa fan de muontsen dy't ein desimber ferhuze binne nei Skiermûntseach, binne op skoalle yn 'e kunde kaam mei de bern fan it eilân. De skiere muontsen wienen op besite op de Inspecteur Boelensschool om te fertellen oer it libben fan in muonts.
De muontsen komme fan de abdij Sion by Diepenveen. Dy ferkeapje se, om't it gebou te grut wurden is foar de tolve muontsen dy't noch oer binne. Dy ferhúzje nei Skier, om lytser te wenjen. Se sykje noch in lokaasje op it eilân foar in abdij.
Om saken te regeljen wenje fjouwer muontsen no al op Skier. As alles klear is, ferhúzje de oaren ek mei it eilân.