Sloop apparteminten ynstoarte flat úteinset

27 jan 2016 - 13:03

Wenningkorporaasje Accolade is begûn mei de sloop fan de earste seis apparteminten yn de Nachtegaalstrjitte. Dy rûnen ein desimber grutte skea op by in gaseksploazje. De bewenner fan it appartemint dêr't de eksploazje wie, in 46-jierrige Drachtster, is tiisdei oanhâlden as fertochte.

De seis apparteminten fan de flat dy't no sloopt wurde, binne it swierst troffen. Dat part fan de flat is sa ynstabyl, dat it skoarre is. Bewenners hawwe fan 'e wike hiel koart yn 'e hûs west om lytsguod derút te heljen.

Grutte meubels wurde mei in heechwurker út it gebou helle. Accolade meldt fierder dat hast alle bewenners fan de flat nije wenromte fûn hawwe. Mei-inoar 38 apparteminten binne stikken rekke troch de eksploazje. Tolve dêrfan binne fuort nei de knal ynstoart. Oft de hiele flat úteinlik tsjin de flakte moat, hinget ôf fan oanfoljend technysk ûndersyk. Dêr moat út bliken dwaan oft de konstrukje noch goed genôch is om in part te werstellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)