Foppe de Haan set Veerman yn de spits tsjin Feyenoord

27 jan 2016 - 12:34

Foppe de Haan kiest foar de wedstriid fan SC Hearrenfean op tongersdeitejûn tsjin Feyenoord foar Henk Veerman yn de spits. Mitchell Te Vrede begjint dêrtroch tsjin syn âlde ploech op de bank. Joey van den Berg komt werom fan in skorsing en nimt op it middenfjild it plak yn fan Branco van den Boomen. Fierders spilet er mei deselde spilers as ôfrûne wykein yn de twadde helte tsjin Willem II.

Opstelling tsjin Feyenoord: Mulder, Van Anholt, Otigba, Van Aken, Cavlan, Marzo, Van den Berg, Thorsby, Zeneli, Veerman, Larsson.

Jerremiah St. Juste is wierskynlik foar meardere wiken útskeakele. St. Juste hat lêst fan syn boppeskonk. Fierder binne Joris Voest, Simon Thern, Pascal Huser en Doke Schmidt noch altyd blesseard. It herstel fan Schmidt falt oant no ta ôf. Hy stiet wol wer op it fjild, mar traint noch net mei de groep mei, wylst hy dat wol ferwachte hie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)