Ynbraak yn elektroanikasaak Ljouwert troch lûk yn it dak

Dieven hawwe yn de nacht fan tiisdei op woansdei ynbrutsen yn in elektroanikasaak op winkelpark De Centrale yn Ljouwert. De ynbrekkers kamen deryn troch in lûk yn it dak iepen te brekken. Om't de winkel koartlyn trillingssensoaren op it dak ynstallearre hat, gong der in alarm ôf.
Doe't de plysje by de winkel oankaam, wienen de ynbrekkers al útnaaid. Se lieten tassen en in klimtou op it dak lizze. Foar safier bekend is der neat út de winkel stellen.