Ynwenners fan Ie meie ideeën leverje foar ferbettering wei

27 jan 2016 - 12:00

Ynwenners fan Ie koene tiisdeitejûn mei ideeën komme foar ferbettering fan de haadwei troch it doarp. Se kamen mei plannen foar in feiligere wei, bredere parkearplakken en in bettere trochstream fan it ferkear. It wurk oan de Humaldawei sil takom jier syn beslach krije. Op de earste gearkomste oer de nije wei kamen fyftich minsken ôf.

By de oanpassingen moat ek rekken hâlden wurde mei de status fan beskerme doarpsgesicht dat Ie hat. Meikoarten sille de earste sketsen makke wurde. It projekt kostet oardel miljoen euro.

Trefwurden: 
Ie dyk wei
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)