Geit yn biblioteek op Nasjonale Foarlêsdagen

De Nasjonale Foarlêsdagen binne tiisdei op guon plakken yn 'e provinsje úteinset. Oant en mei sneon 6 febrewaris jouwe boekhannels, biblioteken, musea, skoallen en kulturele ynstellings ekstra omtinken oan it boek 'We hebben er een geitje bij' fan Marjet Huiberts.
Yn de biblioteek fan Jobbegea koene tsientallen bern sjen nei in poppekastfoarstelling oer it boek. Dat giet oer de berte fan in lyts geitsje. Der stie sels in echte geit yn 'e Jobbegeaster biblioteek.
Doel fan de foarlêsdagen is om bern yn 'e kunde te bringen mei boeken en foarlêzen. Neffens Nynke Andringa, manager by de biblioteken yn de gemeente Hearrenfean, is it wichtich dat bern foarlêzen wurde. Harren wurdskat is in stuk grutter as âlden en pakes en beppes harren yn 'e jeugd foarlêzen hawwe, sa seit Andringa.
Op oare plakken wurdt ek omtinken jûn oan de Nationale Voorleesdagen. Sa is bygelyks yn Jirnsum in trijetalich moarnsbrochje en ek by berne-opfang De Tovervis yn Drachten.