Ogbeche per direkt fan Cambuur nei Willem II

27 jan 2016 - 11:10

Spits Bartholomew Ogbeche fan Cambuur stapt per direkt oer nei Willem II. Hy spilet woansdeitejûn al net mear mei tsjin AZ. Cambuur hat noch wol besocht om de spits de rest fan it seizoen by de klup te hâlden, mar dat slagge finansjeel net.

Ogbeche tekenet yn Tilburch in kontrakt foar 2,5 jier. Ogbeche wie mei njoggen doelpunten dit seizoen topscorer fan Cambuur.

Trefwurden: 
fuotbal Ogbeche SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)