Kollum: "Oarloch"

Eelke Lok fan De Gaastmar wurke 40 jier foar Omrop Fryslân en waard ûnder oaren bekend troch it politike praatprogramma ‘It Wapen fan Fryslân’ op de radio en ‘Gewest Fryslân’ op televyzje. Al jierren fersoarget hy kollums op de radio. De kollums fan Eelke kinne oeral oer gean: Fryslân, sport, polityk, kultuer of wat him ek mar opfallen is. Al syn kollums binne te finen op syn side Eelke’s Weblok.
"It is oarloch yn Fryslân. Dy hiene we al yn Syrië, no dus ek yn Fryslân. Yn Syrië besykje se noch om der ynkoarten in ein oan te meitsjen. Safier binne wy yn Fryslân noch lang net. Se besykje dêr foar Syrië yn Genève in soarte fan fredeskonferinsje op te setten.
No moat ik earlik sizze, dat is hartstikkene swier, hear. Sjoch, der bin yn Syrië sa’n seis, sân aparte dwerse groepen, sis mar Grinzers, Twinten, Limboargers, soksoarte folk. En dy wolle allegearre wat oars fan Assad. En Assad is de kombinaasje fan Rutte en Willem-Alexander yn Syrië. Dy groepkes dwerse lju roppe se dan op om nei Genève te kommen. Dy 'se' binne de Feriene Naasjes, eartiids yn it libben roppen om te soargjen dat der nea wer sa´n oarloch as de Twadde komme soe, dus is it no noch folle slimmer as oft it doe ea west hat.
En dy groepkes sitte dan aanst yn in lúksueus hotel yn Genève. En wachtsje. Se prate net mei-inoar, want yn dy hotels mei net sketten wurde. Dus reizgje dy VN-minsken hieltyd fan de iene nei de oare. En sa moat it dan oer in pear jier dien wêze.
Alhoewol, groepen as IS en Al Qaida dy´t der ek omraak yn om sjitte, dy binne der net. Oars wolle dy oaren net iens yn in útwrydsk hotel yn Genève sitte en har ferwenne litte troch hinne en wer dravende VN-lju. Koartsein, dat wurdt dus inkeld mar jild ferknoeien, dat smyt hielendal neat op.
Mar it wurd 'frede' falt sa no en dan teminsten. Yn Fryslân net. Oarloch. Omrop Fryslân freget al reaksjes op appkes. Ferslachjouwer Halbe Hettema mei fan de Ljouwerter Krante al net iens mear skriuwe oer de oarlochsituaasje. In freeslike striid hawwe se dêr oer it aaisykjen, wêrby't je dat aai net inkeld sykje, mar ek noch út it nêst klauwe moatte om oan de term 'aaisykjen' te foldwaan.
Der hat fan 'e wike úteinlik dochs in besykjen fan de Feriene Naasjes west om de partijen wat byinoar te krijen. Lykwols, it petear tusken de stridende partijen, it Bûn fan Fryske Fûgelbeskermingswachten en it kolleezje fan deputearre steaten, rûn op neat út. En dat wylst net iens de iene yn Post Plaza siet en de oare yn it Oranje Hotel. Nee, gewoan byinoar oan ien tafel. Inkeld, de beide foarmannen hawwe inoar net oansjoen.
De iene foarman, dy fan de aaisikers is Rendert Algra, in CDA-er, dy’t tocht dat hy as âld-Twadde-Keamerlid noch wol wat ynfloed yn it kolleezje hawwe soe, mar se jouwe him net iens de romte om ek noch mar in ljipaai te lizzen. De oare foarman is Johannes Kramer, de FNP-deputearre dy’t wer troch groepkes, dy’t altyd mei de klupflagge fan de FNP omsjouwe, efterneisitten wurdt mei “Wy wolle sykje”.
Ja, dat rûn dus op ’e non, dat petear. Rendert prate en Johannes sei inkeld "Jo meie my as briedende ljip net steure". Dus doe’t Algra nei bûten kaam, raasde er "Woansdei aksjegearkomste yn Wommels". No, en as âld-fakbûnslieder wit hy noch wol hoe’t dat moat. En efter it gerdyn yn it provinsjehûs stie Johannes Kramer op triljende fuotsjes.
Se hawwe him binnen syn partij ea ferteld dat de echte grutte lieder fan de FNP, Jan Bearn Singelsma, yn 1975 sprutsen hat yn Thialf, de hiele iishockeyhal fol lju, doe’t dy Hollanners dat Fryske aaisykjen fan 12 april nei 5 april hawwe woene, en hoe’t Singelsma dat yn ien grouwélige haal nei de oerheden wer omfier dondere. En dat kin hy, Johannes, no net dwaan. Hy sit ferdoarje ommers op it plús. En dan moat je rekken hâlde mei Ried fan Steat en lânsabbekaten en al dat soarte folk dat noch nea in ljip sjoen hat.
Johannes stie dêr in dei letter noch te triljen, dus doe hawwe Jorritsma-en-dy it aaisykjen mar ôfsein. Dus is it oarloch. Jûn yn Wommels wurdt dy útroppen. Ik kin it geraas no al hast wol úttekenje. En Nico de Haan fan Faunabeheer hat moarnier in Fryske stien troch de ruten. En yn de FNP leit de moasje klear om Johannes Kramer út de partij te donderjen. Mar, ik soe wol wolle dat dy lju dy’t wol fine dat it aaisykjen ferdwine moat, har ek ris hearre litte. Want yn in bytsje oarloch moat al wat lykwicht sitte."