Faunabeskerming net tefreden oer ljipaaibeslút

26 jan 2016 - 21:34

De Faunabeskerming is net tefreden mei it beslút fan de provinsje om gjin ûntheffing ôf te jaan foar it meinimmen fan ljipaaien, mar it sykjen noch wol ta te stean. Neffens vice-foarsitter Harm Niesen giet dat beslút net fier genôch. Hy fynt dat der sa gau mooglik ek in streek troch it aaisykjen moat.

Faunabeskerming wol sa gau as mooglik mei har advokaat oerlizze om te sjen oft it beslút oanfochten wurde kin by de Ried fan Steat. Niesen wol dêr in folslein aaisykferbod ôftwinge. Neffens Niesen is de kâns grut dat it ta sa'n saak komt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)