BFVW "slim teloarsteld" oer beslút deputearre steaten

26 jan 2016 - 18:05

It Bûn fan Fryske Fûgelwachten BFVW is 'slim teloarsteld' yn it beslút fan deputearre steaten om dit jier én de kommende jierren gjin ûntheffing te ferlienen foar it meinimmen fan ljipaaien. Neffens foarsitter Rendert Algra fan it BFVW hat de provinsje benammen in soad 'tiid fergriemd' sûnt de útspraak fan de Ried fan Steat oer it aaisykjen fan ferline jier.

Deputearre Johannes Kramer sjocht neffens eigen wurden op dit stuit gjin juridyske basis om in ûntheffing te ferlienen foar it meinimmen fan ljipaaien. Algra is dat net mei him iens.

It BFVW ûndersiket op dit stuit oft it mooglik is om it beslút fan deputearre steaten juridysk oan te fjochtsjen mei in koart pleit. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten sil dat woansdeitejûn yn Wommels beprate mei de leden. De provinsje lit witte graach mei it BFVW oparbeidzje te wollen om te sjen hoe't de ljippestân it bêste ferbettere wurde kin. Oant dy tiid mei der wol nei aaien socht wurde, mar meie se net meinommen wurde. De tradysje fan it earste ljipaai kin bestean bliuwe troch de kommissaris fan de Kening mei learzens it lân yngean te litten om it aai te besjen. Rendert Algra is noch net entûsjast oer dit idee. "Tradysjes kinne je net ôftwinge. It giet ús om de tradysje fan it aaisykjen én de neisoarch."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)