Grutte soargen oer besunigings by regionale omroppen

De Earste Keamer wurdt ek wol 'Chambre de reflexion' of neitinkkeamer neamd © ANP
De trettjin regionale omroppen meitsje har grutte soargen oer de besunigings dy't se trochfiere moatte. Dat skriuwe de ûndernimmingsrieden en de redaksjerieden yn in brief oan de Earste Keamer. Se binne benaud dat de besunigings ten koste gean fan de kwaliteit.
Fraksjes yn de Twadde en Earste Keamer ha sein dat dat net barre mei, mar de omroppen binne der net gerêst op. Foaral net, omdat foar in part fan de besunigings noch gjin dekking fûn is. De omroppen moatte mei-inoar 17 miljoen euro ynleverje mei yngong fan 2017.
Tagelyk soene de trettjin omroppen fusearje moatte ta ien lanlike organisaasje, de RPO. As de Earste Keamer ynstimt mei de nije mediawet, kin steatssiktaris Sander Dekker dy RPO oprjochtsje. Ein ferline jier wie der yn de Earste Keamer gjin mearderheid foar de nije mediawet. Doe is besletten om de behanneling fan de wet oer it krystreses hinne te tillen. Oft der nije wike wol in mearderheid foar de wet is, falt noch te besjen. Fryske senatoaren as Joop Atsma (CDA) en Hendrik ten Hoeve (OSF) hawwe earder al witte litten dat se grutte beswieren hawwe tsjin de nije mediawet fan Dekker. Koälysjepartijen PvdA en VVD hawwe yn de Earste Keamer gjin mearderheid.