Deputearre Steaten: dit jier gjin ûntheffing foar aaisykjen

26 jan 2016 - 16:00

Deputearre Steaten fan Fryslân jout dit jier definityf gjin ûntheffing foar it meinimmen fan ljipaaien út it lân. De aaien meie wol socht wurde, mar net meinommen wurde. Deputearre Johannes Kramer sjocht ûnfoldwaande juridyske mooglikheden om sa'n ûntheffing troch de Ried fan Steat te krijen.

Foar de langere termyn wol de provinsje graach yn oparbeidzjen mei de Fryske fûgelwachten berikke dat de ljippestân struktureel better wurdt. As dat doel berikt is, kin yn de takomst mooglik wol ûntheffing jûn wurde foar it meinimmen fan ljipaaien.

Deputearre steaten wol de situaasje mei de ljippestân oer trije jier opnij besjen. De tradysje fan it earste ljipaai fine en oanjaan by de provinsje kin wol trochgean. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma komt dan nei it fynplak ta om it aai te besjen, mar sil it net lotterje omdat it net út it nêst helle wurde mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)