Donald Duck ferkeapet goed

16 apr 2012 - 16:33

De Afûk hat alle 30.000 eksimplaren fan de Fryske Donald Duck útlevere. In soad boekhannels binne al troch de foarried hinne. By de filialen fan Poiesz is de bysûndere útjefte fan it stripblêd noch wol te krijen.

De spesjale Donald Duck waard ferline wike freed presintearre yn Sportstêd Hearrenfean. De ferkeap fan it blêd begûn doe middeis om 3 oere. De Afûk beslút tiisdei oft der in twadde printinge komt fan de Frysktalige Donald Duck.

Trefwurden: 
Donald Duck
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)