Ljouwerter moat 1,5 jier de sel yn foar minskesmokkel

© Omrop Fryslân
In ynwenner fan Ljouwert is troch de rjochtbank fan Zwolle feroardiele ta in selstraf fan oardel jier, fanwege minskesmokkel. De 46-jierrige Mohamad E. soe mei in ynwenner fan Zaandam teminste 20 flechtlingen út it Midden-Easten mei buskes fan Italië nei Ter Apel brocht hawwe. Dat wie yn april 2014.
De plysje kaam de twa op it spoar omdat de Frânske dûane de saak net fertroude. De ynwenner fan Zaandam krige 2,5 jier selstraf.
De twa sizze út minsklikheid hannele te hawwen, neffens de rjochtbank makken se misbrûk fan minsken yn in kwetsbere posysje.