Der is ferlet fan mear ûndersyk nei depresjes by jongerein

It is tige wichtich dat der mear jild komt foar ûndersyk nei depresjes ûnder jongerein. Dat seit klinysk psycholooch Jan Hofsteenge fan Kinnik, yn reaksje op it beslút fan minister Schippers fan Folkssûnens. Sy stelt 10 miljoen euro beskikber foar dit doel. Jongerein is in risikogroep as it giet op depresjes. As it net op tiid sinjalearre wurdt, kin dat liede ta grutte problemen en úteinlik selsdeading, seit Hofsteenge.
Yn Fryslân hat sa'n 1% fan de bern en 4% fan de pubers in depresje. Dat oantal is neffens Hofsteenge aardich stabyl.