Leechste ynkommens yn Ljouwert, Harns en Smellingerlân

© ANP
De gemeenten Ljouwert, Harns en Smellingerlân binne de Fryske gemeenten mei relatyf de measte lege ynkommens. Dat skriuwt it Fries Sociaal Planbureau, dy't de sifers fan it Centraal Bureau voor de Statistiek foar ús provinsje op in rychje set hat. Yn Nederlân moat 10,4% fan de húshâldings rûnkomme fan in leech ynkommen. Yn Ljouwert is dat goed 15%, yn Harns hast 13% en yn Smellingerlân goed 11%.
Foaral de ienâldergesinnen hawwe faker in krappe beurs. It Nederlânsk gemiddelde is 24%, it Frysk gemiddelde leit op 27%.
De measte ienâldergesinnen mei in leech ynkommen wenje yn de gemeenten Ljouwert en Frjentsjerteradiel, dêr leit it persintaazje boppe de 30%. Neffens it Fries Sociaal Planbureau is in ferklearring dat minsken mei in leech ynkommen it leafst yn of flakby in stêd wenje, omdat dêr mear kâns is op wurk en it dwaan fan in oplieding.