Trijedûbele tentoanstelling oer Abe Gerlsma

26 jan 2016 - 12:09

Natuurmuseum Fryslân, Tresoar en Galery De Roos van Tudor komme mei in trijedûbele tentoanstelling oer Abe Gerlsma út Frjentsjer. Fan snein 31 jannewaris ôf is dêr wurk te sjen dat noch nea earder tentoansteld is.

It Natuurmuseum toant benammen skilderijen fan Gerlsma fan it Fryske lânskip en it libben op it plattelân. By Tresoar binne etsen fan Gerlsma te sjen wylst De Roos van Tudor him rjochtet op wurk fan keunstners dy't ynspirearre binne troch Gerlsma. Dat wurk is ek te keap. De gearwurkingstentoanstelling rint o/m 29 maaie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)