Lifelines-opslach yn in frieskist sa grut as in sporthal

26 jan 2016 - 11:37

It Lifelines-ûndersyk yn Noard-Nederlân hat sûnt dizze wike in frieskist dy't sa grut is as in sporthal. Dêryn wurdt allegear materiaal, lykas bloed en hier fan de dielnimmers opslein.

Lifelines is in grut wittenskiplik ûndersyk yn de trije noardlike provinsjes nei de sûnens en nei sûn âlder wurde. Ut Fryslân, Grinslân en Drinte wurkje der 165.000 minsken oan mei. It ûndersyk rint al fan 2006 ôf. De frieskist, mei de namme Lifestore, stiet yn Grins. De bou sette yn 2010 útein. De frieskist hat in temperatuer fan -80 graden.

Trefwurden: 
LifeLines frieskist bloed hier
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)