Cambuur moat it in pear wike sûnder Erik Bakker dwaan

26 jan 2016 - 11:08

Oanfierder en middenfjilder Erik Bakker fan Cambuur is inkele wiken útskeakele. Bakker hat yn de wedstriid fan ôfrûne snein tsjin ADO Den Haag in skuorke yn it bonkeflues fan it ankel oprûn. Dat betsjut dat er fjouwer oant seis wiken útskeakele is.

Freed giet de middenfjilder noch foar ûndersyk nei Amsterdam. Troch de blessuere mist Bakker ûnder oare de derby fan kommende snein, thús tsjin SC Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)