Ferkear wykt foar sporters op de Sintrale As

Sintrale As © Omrop Fryslân, Douwe Boersma
Yn ferbân mei de oplevering fan de Sintrale As ein dit jier sil sneon 24 septimber de dyk fan Nyegea nei Dokkum hielendal draaie om sportive aktiviteiten. De Sintrale As sil dy dei ticht wêze foar it ferkear. Bedoeling is dat der moarns in grut hurdfytsspektakel is en in kuiertocht. Letter op de dei is der romte foar in skeelerevenemint en in hurdrinwedstriid.
Tongersdei 28 jannewaris sille de plannen fierder taljochte wurde troch de organisaasje.