"Gemaal foar Salverter boeren is te djoer"

De boeren by Frjentsjer wolle in gemaal
De gebietsûntwikkeling fan Salvert, by Frjentsjer giet neffens ôfspraak. Dat sizze de provinsje en it wetterskip yn reaksje op klachten fan boeren út it gebiet. Dy fine dat de grûn te wiet is en wolle dat it wetterskip in gemaal pleatst. Dat is te djoer, sizze wetterskip en provinsje.
Der hat in ûnôfhinklik ûndersyk west nei de wetterhúshâlding yn it gebiet. Dêrút hat bliken dien dat de ôffier fan wetter goed regele is. Neffens de provinsje hawwe beide partijen yn it foar ôfpraat harren by it advys del te lizzen.
Wol kin it wêze dat de groei fan planten derfoar soarget dat de wetterôffier ferstoppe rekket. Om dat foar te kommen, sil it wetterskip dizze simmer yn it gebiet hekkelje. Fierder wurdt de wetterhúshâlding goed yn de gaten hâlden, sizze it wetterskip en de provinsje.