Mei 100 km troch de beboude kom: rydbewiis kwyt

© Omrop Fryslân
De plysje trappearre moandeitejûn twa hurdriders dy't mear as 100 kilometer yn de oere riden yn de beboude kom. In 22-jierrige ynwenner fan Boerum ried mei gemiddeld 109 kilometer yn de oere oer de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp. In 20-jierrige man út Kollumersweach klokte 106 kilometer yn de oere op de Foarwei yn syn wenplak.
Beiden makken ek noch oare ferkearsoertredings. De automobilisten moasten harren rydbewiis ynleverje en se binne oanmelden foar in kursus by it CBR.