Technasium presintearret ideeën foar duorsum ljocht

25 jan 2016 - 21:56

Sa'n 120 learlingen fan it Technasium yn Ljouwert presintearren moandei harren ideeën foar de striid om it Technasium Top Award yn it stedhûs. De wedstriid draaide der dit jier om hoe't ljocht sa duorsum en noflik mooglik wêze kin foar minsk en bist.

De wedstriid wurket mei regionale opdrachtjouwers: dit jier is dat de gemeente Ljouwert. Bart van der Scheer fan de gemeente wie bot te sprekken oer de presintaasjes. "Er zitten hele goede ideeën tussen."

"Niet alleen goed genoeg om winnaar te worden, maar misschien wel zo goed dat we ze uit kunnen voeren." Tiisdeimoarn sille de lêste 60 learlingen harren presintaasjes jaan. Dan wurde ek de winners keazen. Dy gean troch nei de regiofinale fan de Technasium Top Award. De tolve winners fan alle regiofinales meie harren ideeën útfiere yn Eindhoven.

Trefwurden: 
Technasium duorsum ljocht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)