Otter hat it nei 't sin yn Snitser jachthaven

In bysûndere ferskining yn de jachthaven fan Snits. Dêr spaant dizze winter in otter om. Op de swimplato's fan ferskate motorjachten is it bist oantroffen, wylst er fisk oan it iten wie. Neffens Harry Bosma fan sûchbisteferiening Calutra is it "hiel unyk dat it bist plak yn de jachthaven siket."
"Meastentiids sykje otters net in plakje yn de beboude kom, mar sitte se by de Snitsermar." It bist past him neffens Bosma hiel maklik oan de omjouwing oan. Op de webside fan Omrop Fryslân binne bylden te sjen dy't Bosma fan it bist makke hat.