Natoerferiening: "Bestimpelje âlde leanen as monumint"

25 jan 2016 - 20:18

"Bestimpelje de âlde leanen yn Opsterlân as monumint en bewarje dêrmei it histoaryske karakter." Dat is de fyzje fan de Natoerferiening fan Bakkefean. Dy sprekt mei dat boadskip moandei yn op de riedsgearkomste fan Opsterlân.

Dy gemeente hat nei de stoarmskea fan de lêste jierren útsykje litten wat der mei de beamrike leanen barre moat. It kolleezje fan b. en w. stelt de ried foar om de minne beammen te kapjen en dêr allinnich as der genôch romte is wer nije beammen foar werom te plantsjen.

De natuerferiening fynt dat te meager. Dy wol de âlde leanen bewarje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)