Professor Lindeboom: "Jou sike seehûnen in spuitsje"

25 jan 2016 - 17:20

It opheinen fan sike seehûnen is net mear nedich. Dat seit heechlearaar marinebiology Han Lindeboom fan ûndersyksynstitút Imares. Der libje safolle seehûnen yn de Waadsee, dat it de populaasje net helpt om sike bisten op te heinen. Yn 2015 telden ûndersikers 7600 gewoane seehûnen en goed 3500 grize seehûnen yn de Waadsee.

Dat betsjut dat de populaasje gewoane seehûnen stabyl en heech is, seit Lindeboom. It tal grize seehûnen groeit sels noch wat. Tweintich jier lyn wiene der folle minder seehûnen yn de Waadsee.

De seehûne-opfang hat himsels no oerstallich makke, neffens Lindeboom. Seehûnehelpers lykas Hessel Wiegman fan Skylge sille akseptearje moatte dat it goed giet. As der in protte seehûntsjes berne wurde, geane der ek in protte dea, dat is no ienkear de natuer. Lindeboom begrypt wol dat minsken it bytiden begruttet as der in sike seehûn op it strân leit. Se hawwe prachtige eagen. Mar as se echt begrutsjen ha mei in yndividueel bist, moatte se it mar in spuitsje jaan, seit Lindeboom. In swakke seehûn opfange en wer frijlitte, dat is net goed foar de oare seehûnen.

Allinne as in seehûn dúdlik troch minsken yn de problemen kaam is, is it goed om him te helpen, seit Lindeboom. Bygelyks as er yn in fisknet sit, of yn in stik plestik. Foar al it oare wol er de opfang ta in minimum beheine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)