Fytser (85) slim ferwûne by ûngelok yn Wytmarsum

De traumahelikopter op de Van Aylvawei by Wytmarsum © Nick den Boer
In 85-jierrige fytser út Wytmarsum is moandeitemiddei slim ferwûne rekke by in oanriding. Op de Van Aylvawei yn syn wenplak kaam hy yn botsing mei in 45-jierrige automobilist út Koudum. It slachtoffer is mei in traumahelikopter nei it UMCG yn Grins brocht.
Hoe't it ûngelok gebeure koe, is noch net dúdlik.