Drintske oantaaster feroardiele ta 30 moanne sel en tbs

© Omrop Fryslân
De man (50) út it Drintske Klijndijk dy't tusken 2013 en 2015 ferskate Fryske en Drintske famkes oantaaste, is moandei feroardiele ta 30 moanne sel en tbs. De man mei earnstige persoanlykheidssteurnissen ferbleau yn 2013 yn in klinyk yn Frjentsjer. Yn dy perioade betaaste hy fytsende famkes wylst hy harren mei syn scooter foarby ried.
Yn 2015 sloech de man yn Drinte ta. De man ûntkende de Fryske saken, mar om't se sterk oerienkamen mei de oantaastings yn Drinte, is de man ek dêr foar feroardiele. Tsjin de man waard 36 moannen easke.
De rjochter joech by eintsjebeslút in koartere selstraf fanwege de psychyske tastân fan de man.