Eigeners kreake hûs dogge oanjefte tsjin boargemaster Crone

It kreake gebou oan de Stasjonswei yn Ljouwert © Kappers Media
Boargemaster Crone fan Ljouwert makket misbrûk fan syn foech. Dat sizze de eigeners fan in kreakpân oan de Stasjonswei yn Ljouwert. Sy waarden ferline wike troch de plysje it gebou útset doe't se dat opromje woene. Neffens de eigeners hie Crone dêr gjin opdracht foar jaan mochten. Dêrom ha se oanjefte dien by de plysje.
Crone seit yn in reaksje dat hy allinnich yngripe mei as der akút gefaar is. Dêr wie hjir gjin sprake fan. Ek hat hy noch de gemeente bemuoienis hân mei dizze saak, sa lit de boargemaster witte.
In beslút ta ûntromjen wurdt altyd naam troch de offisier fan justysje, sa seit Crone. De eigeners soene it gebou graach opknappe wolle. Ferline wike kamen se der lykwols efter dat it foar de tredde kear kreake wie.
Boargemaster Crone stelt dat de eigeners in sivile saak begjinne moatte om se der út te krijen. Njonken de oanjefte is de gemeente ek oanspraaklik steld foar mooglike skea oan it gebou. Omt it net dúdlik is hoe't it gebou der foar stiet is it op dit stuit net mooglik om in fersekering foar it pân ôf te sluten.