Mear ferlet fan minsken mei hegere oplieding yn de soarch

De fraach nei minsken mei in hegere oplieding yn de soarch nimt hieltyd mear ta yn Noard-Nederlân. Dat sizze Zorgplein Noord en VenturaPLus, twa wurkjouwersferbannen yn de soarch yn Noard-Nederlân. Ien en oar hat te krijen mei alle besunigings en feroaringen yn de soarchsektor. Yn ûnder oaren ferpleechhuzen en húsdokterspraktiken komme der mear soarchtaken by en dat freget dus ek mear fan it personiel.
Zorgplein Noord en VenturaPlus pleitsje der dêrom foar dat wurkjouwers en ûnderwiisynstellingen mear gearwurkje. Sa kinne de skoallen studinten better opliede, sadat de oplieding ek better oanslút by wat wurkjouwers sykje.