Gjin belofte-alvetal Cambuur

SC Cambuur © Omrop Fryslân
SC Cambuur hat ek takom seizoen gjin eigen belofte-alvetal. De KNVB hat de kompetysje foar beloften omsmiten en dêrtroch is it foar de Ljouwerters net mooglik om in selsstannich alvetal te foarmjen. Yn de hjoeddeistige opset soe Jong Cambuur 16 wedstriden spylje moatte, mar takom seizoen binne dat der 30. Cambuur hat dêr net genôch spilers foar. De gearwurking mei FC Grins, dy't ek gjin eigen belofte-alvetal oerein hâlde kin, wurdt dêrom trochsetten. Wol is it de bedoeling dat der wedstriden fan Jong Grins/Cambuur yn Ljouwert spile wurde.
Jan Bruin sil bot belutsen wurde by de wedstriden en trainings fan dy ploech.