"Net feroardiele by twivels radarapparatuer plysje"

As de plysje radarapparatuer brûkt dy't twivels opropt, kin je dêr net op feroardiele wurde. Dat stelt advokaat Tjalling van der Goot van it Ljouwerter kantoar Anker & Anker.
Foarsitter Van de Kamp fan it plysjefakbûn ACP brocht moandei nei bûten dat mjittingen fan mobile radarkontrôles faak net doge en dat se dêrom foarearst net mear brûkt wurde moatte. Sa is in frachtwein flitst mei 240 kilometer yn de oere en in gewoane bus waard op 185 kilometer klokt.
Van der Goot fynt dat der no earst goed ûndersyk komme moat en dat je dan mei in proefproses goeie kânsen ha op frijspraak.