Mear as tûzen leden foar reedrydskoalle yn nije Elfstedenhal

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
It giet goed mei it tal oanmeldingen by de Ljouwerter reedrydskoalle 11S yn de Elfstedenhal. Der binne no krekt mear as tûzen leden, wylst dat ferline jier noch sa'n 750 wiene.
Elly Tasma, koördinator fan de reedrydskoalle, sjocht dat in soad eks-leden wer weromkomme. Dat hat neffens har alles te krijen mei de nije Elfstedenhal. Yn fergelyk mei de âlde hal is dy útrist mei moderne fasiliteiten.
Tasma sjocht ek dat der in soad jonge gesinnen mei-inoar op les gean. No't der de lêste jierren minder strange winters binne, is it nivo fan de bern wol omleech gien.