Grutte tentoanstelling fan Claudy Jongstra yn Fries Museum

25 jan 2016 - 11:55

Keunstneresse en ûntwerpster Claudy Jongstra út Spannum krijt fan ein maart ôf in grutte tentoanstelling yn it Fries Museum yn Ljouwert. De eksposysje hat de titel 'Claudy Jongstra: Ancient Light'. It Fries Museum toant sawol wurk fan de ôfrûne jierren fan Jongstra as ek nij wurk.

De tentoanstelling fan Jongstra moat besikers it gefoel jaan dat se yn har atelier binne. De techniken dy't de keunstneresse brûkt, lykas wurkje mei tekstyl, binne ûnderdiel fan in duorsum proses. De tentoanstelling rint oant en mei 2 oktober.

Yn 2013 makke Claudy Jongstra ek ien fan har grutste wurken foar it Fries Museum: in grut muorrekleed. Dat is permanint te sjen yn it museum yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)