Markante walfiskkaak tydlik fuort út sintrum Skiermûntseach

De walfiskkaak dy't yn it sintrum fan it doarp Skiermûntseach stiet, wurdt restaurearre. De kaak sjocht der net mear goed út en moat op koarte termyn oanpakt wurde. In spesialisearre bedriuw út Amsterdam sil it wurk útfiere.
Moandeitemoarn om goed healwei alven is de kaak útelkoar helle en op in kraan setten foar it transport. It sil goed twa moanne duorje foardat de kaak wer werom komt op it eilân. De walfiskkaak is de ûnderkaak fan in blauwe finfisk dy't op 6 maart 1950 yn de Súdlike IIssee sketten is.
It fertsjintwurdiget in wichtige perioade út de skiednis fan Skiermûntseach. Op 27 oktober 1946 gie walfiskfarder Willem Barentsz foar it earst nei de Súdlike IIssee foar it fangen fan walfisken. Jierren lang wenne de gesachfierder, Klaas Visser, op Skiermûntseach. Ek in soad oare eilanners farden mei op de Willem Barentsz. Nei de Twadde Wrâldoarloch wie de walfiskfangst dan ek in wichtige boarne fan ynkomsten foar de eilanners.
Klaas Visser naam de kaak mei út it súdpoalgebiet as oantinken. Sûnt 2 augustus 1951 stiet it prominint yn it sintrum fan it doarp.