SC Cambuur ferliest mei 2-1 by ADO Den Haach

24 jan 2016 - 19:06

Cambuur hat sneintemiddei de wedstriid tsjin ADO Den Haach mei 2-1 ferlern. De Ljouwerters wiene yn de earste helte de bettere ploech. Sander van de Streek sette Cambuur yn de 14e minút op foarsprong. Yn de twadde helte spile ADO Den Haach folle better as yn it earste bedriuw. Mike Havenaar skoarde twa kear, yn de 53e en 56e minút. Yn de lêste tsien minuten hat Cambuur noch fan alles besocht, mar it slagge net mear. Cambuur bliuwt foarlêste yn de earedifyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)