Grutte ferskillen yn kontribúsje fan Fryske fuotbalklups

25 jan 2016 - 05:58

Der sitte grutte ferskillen yn de kontribúsje dy’t fuotballers yn Fryslân betelje. Dat docht bliken út in grut ûndersyk fan Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante.

Yn it ûndersyk is sjoen nei de bedragen dy’t jeugd en senioaren by in fuotbalklup ôfdrage moatte.* Senioaren by LAC Frisia 1883 betelje it meast, 265 euro yn it jier. By de jeugd binne fuotballers by Drachtster Boys it djoerste út mei 208 euro. It ferskil mei de goedkeapste klups yn Fryslân is grut.

By Stormvogels út Achlum betellet de jeugd 30 euro yn it jier, by de senioaren fan AVV fan Skylge binne leden 75 euro kwyt.

Smellingerlân

Yn de gemeente Smellingerlân is it fuotbaljen it djoerst. Seis fan de acht klups yn dy gemeente freegje mear as it gemiddelde kontribúsje-bedrach. Neffens Gijs Lokhorst, foarsitter fan Drachtster Boys, is dat logysk. “De gemeente ynvestearret hjir goed yn ‘e fasiliteiten, mar dat sil ek in priis hawwe.” Ferskate klups yn Smellingerlân hawwe keunstgersfjilden. Ek by Drachtster Boys lizze twa fjilden mei keunstgers. Dat is ien fan ‘e oarsaken dat de kontribúsje by dy klup heger is: “Us leden hawwe dêrmei ynstimd, mar dat betsjut wol dat se sûnt dy tiid 2,50 euro yn ‘e moanne ekstra oan kontribúsje betelje moatte. Dat is dochs wer 30 euro yn it jier.”

Stormvogels

It kontrast tusken Drachtster Boys en de klup mei de goedkeapste kontribúsje is grut. Folwoeksenen betelje by Stormvogels yn Achlum 90 euro yn it jier. Yn in lyts doarp as Achlum spilet de fuotbalklup in grutte rol yn de leefberens. Troch de kontribúsje leech te hâlden, wol Stormvogels it fuotbaljen leechdrompelich hâlde. Bestjoerslid Hylke Zijlstra: “Wy wolle graach dat de jeugd yn it eigen doarp fuotbalje kin. Dat hoege we net djoerder te meitsjen as it is.”

KNVB

Gemiddeld betelje senioaren yn Fryslân 170 euro, by de jeugd is dat 108 euro. Ut sifers fan fuotbalbûn KNVB docht bliken dat fuotballers yn ‘e lêste tsien jier folle mear jild oan kontribúsje kwyt binne. Dochs makket de fuotbalbûn him noch gjin soargen, fertelt ferieningsadviseur Erik Baas fan de KNVB: “Voetbal is vergeleken met andere sporten nog hartstikke betaalbaar”. Wol sjocht Baas dat klups it hieltyd swierder krije, trochdat bygelyks gemeenten besunigje op de sportklups. “Voor mijn werk bezoek ik veel Friese clubs. Daar zie ik steeds vaker dat sponsors en gemeentelijke steun wegvallen.”

*Yn it ûndersyk binne wask- en kleanfûnsen meirekkene

Wolle jo witte hoe heech de kontribúsje by jo fuotbalklup is? It ûndersteande kaartsje lit sjen wat fuotballers yn Fryslân betelje moatte. Moandeitejûn yn Hjoed in reportaazje.

De spilers by Drachtster Boys betelje gemiddeld de measte kontribúsje:

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)