Goud foar Fryske shorttrackers op de ôflossing

Shorttrackers Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Dennis Visser en Freek van der Wart ha op it EK yn it Russyske Sotsji by de ôflossing goud wûn. Se bleaunen op de 5000 meter Hongarije foar. By de froulju wûn Suzanne Schulting fan De Tynje mei har ploech ek goud op de 3000 meter.
Sjinkie Knegt rekke wol syn yndividuele Europeeske titel kwyt. Hy einige as fjirde. De Rus Elistratov nimt de titel oer. Knegt foel op de 1000 meter en waard op dy ôfstân diskwalifisearre om't hy in oar yn syn fal meinaam. Dêrmei koe hy it earste plak ferjitte.