Antoinette de Jong wint it NK allround

Antoinette de Jong fan Rottum is de nije nasjonaal kampioene allround. Op Thialf koe se har foarsprong behâlde yn in streekrjocht duel mei de nûmer twa Annouk van der Weijden. Se mocht seis sekonden tajaan op Annouk, mar wist de skea te behienen ta in dikke sekonde. Linda de Vries waard tredde yn it klassemint, Yvonne Nauta sechsde en Reina Anema achtste.
Antoinette de Jong en Ireen Wüst wiene al pleatst foar it WK yn Berlyn, Annouk van der Weijden moat dêr by de wrâldbekerwedstriid yn Stavanger noch om ride.