Sintrale As foar de rjochter

De rjochter bepaalt tiisdei oft de tariedings foar de oanlis fan de Sintrale As stillein wurde. De stichting Grien Erfguod wol dat de beamkap en sloop fan stâlen by Garyp stillein wurde. Dêr is gjin ûntheffing foar. It Ryk wegeret dat.
De provinsje fierde moandei by de rjochter oan dat it trije ton yn de moanne kostet as it wurk no net trochgean kin. Neffens it Ryk is foar it wurk fan no gjin ûntheffing nedich. Mar neffens it Grien Erfguod wurde fûgels en flearmûzen bedrige. De echte oanlis begjint nei de simmer.
De sloop en it omheljen fan de beammen binne de tariedings.