"Frjentsjerter boeren hâlde wiete fuotten"
Boeren fan Salvert, by Frjentsjer, binne net te sprekken oer de gebietsûntwikkeling. Dy is nedich, omdat it lân oars ûnder wetter komt te stean, mar it plan fan oanpak dat foar it gebiet opsteld is, fine de boeren net goed.
Neffens boer Ypma is de bêste oplossing dat der in gemaal komt op it leechste punt fan it gebiet, mar dat stiet net yn it gebietsûntwikkelingsplan. "De boeren sitte yn dit gebiet al 30 jier mei wiete fuotten en dat sil de kommende 30 jier sa bliuwe mei dizze plannen", sa seit Ypma