Linda de Vries wint 1500 meter, De Jong earste yn klassemint

Antoinette de Jong op har 3 kilometer © ANP
Linda de Vries hat snein de 1500 meter fan it NK allround wûn yn in tiid fan 1.58.21. Antoinette de Jong siet dêr krekt achter mei 1.58.63 en ferstevige dêrmei har kopposysje yn it klassemint nei trije ôfstannen. Annouk van der Weijden waard fjirde op de 1500 meter en stiet noch twadde yn it klassemint. Se moat op de 5000 meter 6 sekonden goedmeitsje op Antoinette de Jong om de titel te pakken.
Yvonne Nauta waard 6e op de 1500 meter en Reina Anema 7e. Nauta stiet yn it klassemint op it 7e plak, Anema is 8e.