Frjentsjer nimt ôfskied fan syn stasjonsbrêge

De karakteristike Stasjonsbrêge fan Frjentsjer is der net mear. De 60-jierrige âlde brêge is dit wykein sloopt om plak te meitsjen foar in nije. Der is dei en nacht trochwurke om de boppekant fan de brêge fuort te heljen. Kommende tiid wurdt der foaral noch in soad beton fuorthelle. Pas dan kin úteinset wurde mei de tariedings foar de bou fan in nije brêge.
Foar de fytsers en fuotgongers is der in tydlike brêge oanlein. Al it oare ferkear moat oant de hjerst omride.
Nije brêge
De nije brêge wurdt breder, sadat der gruttere skippen trochhinne kinne. Ek komme der sinnepanielen op. Mei de enerzjy hjirfan kin de brêge bestjoerd wurde. Minsken dy't foar de brêge steane te wachtsjen kinne ûnder de brêge troch sjen nei de boaten. Der komt net wer in brêgewippershúske op, want de nije brêge sil op ôfstân betsjinne wurde fanút Harns.
Fertraging
It ferfangen fan de brêge is acht moanne letter úteinset as de bedoeling wie. De provinsje en de oannimmer hiene in skeel oer it ûntwerp fan de brêge. Se binne der úteinlik útkommen. De brêge wurdt krekt wat swierder as it oarspronklike plan. Beide partijen betelje de helte fan de kosten fan de fertraging.